1 Johannes 1
It Libbenswurd
1Wat der fan it begjin ôf west hat, wat wy heard en mei eigen eagen sjoen hawwe, wat wy oanskôge en mei de hannen oanroerd hawwe oangeande it Libbenswurd, dat ferkundigje wy. 2It libben is ferskynd, en wy hawwe it sjoen; wy getuge en ferhelje jimme fan it ivige libben, dat by de Heit wie en ús ferskynd is; 3ja, wat wy sjoen en heard hawwe, dat ferhelje wy ek oan jimme, dat jimme ek mienskip mei ús hawwe meie. Wy hawwe dan wer mienskip mei de Heit en mei syn Soan, Jezus Kristus. 4Dat wy dat skriuwe kinne, makket ús troch alles hinne bliid.
Gods ljocht en ús skuld
5Dit is it boadskip dat wy fan Him heard hawwe en dat wy jimme oerbringe: God is ljocht, en yn Him is alhiel gjin tsjusternis. 6As wy sizze dat wy mienskip mei Him hawwe, en wy sykje likegoed ús paad yn it tsjuster, dan lige wy en dogge net wat earlik is. 7Mar as wy yn it ljocht ús paad geane, lykas Hy ek yn it ljocht ferkeart, foarmje wy in mienskip mei-inoar en it bloed fan Jezus, syn Soan, makket ús rein fan alle sûnde. 8As wy sizze dat wy gjin sûnde hawwe, ferrifelje wy ússels en binne net earlik. 9As wy foar ús sûnden útkomme, is Hy sa trou en rjochtfeardich, dat Er ús de sûnden ferjout en ús fan alle ûngerjochtichheid reiniget. 10As wy sizze, dat wy net sûndige hawwe, litte wy Him foar in liger trochgean en syn wurd sprekke wy net.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap