1Wat it offerfleis oanbelanget: fansels, wy hawwe allegearre kennisse. Kennisse op himsels lykwols makket grutsk, mar de leafde bout op. 2As ien mient, dat er wat wit, is syn kennisse dêrom noch net sa’t dy wêze moat. 3Mar as ien God leafhat, wurdt dy troch Him kend. 4Wat dus it iten fan offerfleis oangiet: der is fansels gjin ien ôfgod yn ’e wrâld en der is gjin inkelde God behalven de Iene. 5Want al binne der ek saneamde goaden, itsij yn ’e himel, itsij op ierde, lykas der gâns goaden en gâns hearen binne, 6dochs is der foar ús mar ien God, te witten: de Heit, dêr’t alle dingen wei komme en nei wa’t wy ek geane, en ien Hear: Jezus Kristus, troch wa’t alle dingen binne en troch wa’t wy ek besteane. 7Mar net allegearre hawwe dy kennisse. Want guon ite it noch altyd as wie it in ôfgodsoffer, om’t se oant no ta oan ’e ferearing fan ’e ôfgoaden wend wienen en har gewisse, dat swak is, wurdt besmodze. 8No sil iten ús net by God bringe. As wy net ite ferlieze wy der net by, mar likemin winne wy der by as wy al ite. 9Mar tink derom, dat jimme frijheid net faaks wat wurdt dêr’t de swakken oer stroffelje. 10Want as ien sjocht, datsto, mei dyn kennisse, yn in ôfgodstimpel oan tafel leist, sil dy dan net, wylst er it eins net goed krije kin, derta oanset wurde en yt fan it offerfleis? 11En dan wurdt troch dyn kennisse de swakke ferdoarn, de broer, foar wa’t Kristus stoarn is. 12As jimme sa tsjin de bruorren sûndigje en har gewisse, dat ommers swak is, sear dogge, dan sûndigje jimme tsjin Kristus. 13Dêrom: as wat ik yt myn broer stroffelje lit, dan sil ik perfoarst gjin fleis ite, yn der ivichheid net, om myn broer net stroffelje te litten.