1 Korintiërs 2
1Wat mysels oanbelanget, bruorren, doe’t ik by jimme kaam om jimme it heimnis fan God te ferkundigjen, die ik dat net mei fertoan fan wurden of fan wysheid. 2Want ik hie my foarnommen ûnder jimme fan neat oars te witten as fan Jezus Kristus en dy oan it krús slein. 3Sa fielde ik my swak en benaud en stie te triljen op ’e fuotten, doe’t ik by jimme kaam. 4It boadskip dat ik brocht bestie net út meislepende wurden fan wysheid, mar út it toanen fan ’e krêft fan ’e Geast; 5dat jimme leauwe net rêste soe op wysheid fan minsken, mar op ’e krêft fan God.
Kristlike wysheid
6Dochs ferkundigje wy wysheid, mar allinne foar dy’t der ryp foar binne. Gjin wysheid fan dizze wrâld en net fan de hearskers fan dizze wrâld, dy’t út har rjochten set wurde. 7Mar wat wy ferkundigje is godlike wysheid yn de foarm fan in heimnis, wysheid, dy’t ferburgen is, dy’t God ornearre hat foar ús hearlikheid, ear’t de wrâld bestie. 8Gjinien fan ’e hearskers fan dizze wrâld hat dêr weet fan hân. Want hienen se dat al, dan soenen se de Hear fan ’e hearlikheid net oan it krús slein hawwe. 9Mar wysheid lykas beskreaun stiet:
Wat it each net sjoen en it ear net heard hat
en yn it minskehert net opkommen is,
alles wat God ree makke hat foar dy’t Him leafhawwe.
10Want God hat it ús iepenbiere troch de Geast. De Geast ûndersiket ommers alle dingen, ek de djipten fan God. 11Want wa-minske wit, wat der yn ’e minske omgiet, behalven syn eigen geast yn him? Sa hat ek nimmen der weet fan, wat yn God omgiet, behalven de Geast fan God.
12No dan, wy hawwe net de geast fan ’e wrâld ûntfongen, mar de Geast dy’t fan God komt, dat wy witte meie wat God ús út genede jûn hat. 13Dêrfan sprekke wy ek, net mei wurden dy’t ús leard binne troch minsklike wysheid, mar ús leard troch de Geast, mei’t wy geastlike dingen mei geastlike wurden útlizze. 14Mar in natuerlik minske nimt de dingen fan Gods Geast net oan. Se binne ommers dwaasheid foar him en hy kin der net by, om’t se op geastlike wize be-oardiele wurde. 15De geastlike minske lykwols be-oardielet alle dingen, mar sels wurdt er fan nimmen be-oardiele. 16Want wa wit wat de Hear betinkt en soe Him ûnderrjochtsje? Mar wy hawwe it betinken fan Kristus.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap