Profetearjen boppe sprekken yn frjemde talen
1Besykje de leafde benei te kommen en span jim yn om de geastlike jeften te krijen, mar benammen dat jimme profetearje. 2Wa’t yn frjemde talen sprekt, dy sprekt net foar minsken, mar foar God; net ien ferstiet him: ommers troch de Geast sprekt er ûnbegryplike dingen. 3Mar wa’t profetearret, dy sprekt foar minsken streksume wurden, dy’t fermoanje en treaste. 4Wa’t yn in frjemde taal sprekt docht himsels deugd, mar wa’t profetearret, docht de gemeente deugd. 5Ik woe wol, dat jimme allegearre yn frjemde talen sprieken, mar leaver noch, dat jimme profetearren. In profeet stiet boppe ien dy’t yn frjemde talen sprekt, of hy moat it ek sa útlizze kinne, dat it de gemeente in deugd docht. 6Stel bruorren, dat ik by jimme kom en yn frjemde talen sprek, wat jout it jimme, as ik net sprek mei in iepenbiering of mei kennisse, mei profesije of mei ûnderrjocht? 7It is as mei deade dingen dy’t lûd jouwe, in skalmei of in liere bygelyks. As se gjin dúdlik ûnderskied fan toanen hearre litte, hoe sil men witte wat der op blaasd of spile wurdt? 8En as de trompet gjin dúdlik lûd jout, wa sil him tarisse foar de striid? 9Sa is it ek as jimme yn in frjemde taal net in fersteanber wurd uterje; hoe sil men witte wat der sein wurdt? Jimme wurden sille ommers ferwaaie op ’e wyn. 10Withoefolle soarten fan lûden binne der yn ’e wrâld en neat is sûnder lûd. 11As ik net wit wat de klank betsjut, bin ik in frjemdling foar him dy’t praat en hy foar my. 12Sa moatte jimme ek, no’t jimme jim op geastlike jeften útlizze alderearst sykje wat de gemeente deugd docht.
13Dêrom moat wa’t yn in frjemde taal sprekt bidde, dat er it ek útlizze mei. 14Want as ik yn in frjemde taal bid, bidt myn geast wol, mar it ferstân bliuwt derbûten. 15Hoe moat it no? Ik sil bidde mei de geast, mar ek mei it ferstân; ik sil lofsjonge mei de geast, mar ek mei it ferstân. 16Asto allinne mei de geast God lovest, hoe sil de sljochtwei tahearder, dy’t derby is, ‘amen’ sizze kinne op dyn tanksizzing? 17Hy wit ommers net watsto seist. Do lovest wol treflik, mar it docht de oare gjin deugd. 18Ik tankje God, dat ik mear yn frjemde talen sprek as jimme allegearre. 19Mar yn ’e gemeente wol ik leaver fiif wurden mei it ferstân sprekke om ek oaren te ûnderwizen, as tûzen yn in frjemde taal.
20Bruorren, wês net bernich yn jimme ferstân, mar wês lytse bern yn it kwea. Yn it ferstân moatte jimme folwoeksen wêze. 21Yn ’e wet stiet skreaun:
troch minsken mei in frjemde taal
en troch lippen fan frjemden sil Ik tsjin dit folk sprekke
en sels dan sille se noch net nei My harkje,
seit de Hear.
22Sa is it sprekken yn frjemde talen in teken, net foar har dy’t leauwe, mar foar har dy’t net leauwe; de profesij lykwols is net foar de ûnleauwigen, mar foar de leauwigen. 23As no de hiele gemeente gearkommen is en allegearre yn frjemde talen sprekke en der komme bûtensteanders yn of minsken dy’t net leauwe, sille se dan net tinke, dat jimme net wiis binne? 24Mar as allegearre profetearje en der komt ien yn dy’t net leaut of in bûtensteander is, dan wurdt er troch allegearre te plak set, troch allegearre beoardiele! 25Wat yn syn hert ferburgen is, komt oan it ljocht en dêrmei sil er op ’e knibbels falle, God oanbidde en útroppe: God is wierliken yn jimme fermidden.
Oarder yn ’e tsjerke
26Hoe moat it no dan, bruorren? As jimme gearkomme, hat elk wat: de iene in psalm, de oare in ûnderwizing, wer in oar in iepenbiering of in frjemde taal, of útlis dêrfan. Dat moat allegearre ien doel hawwe: de opbou fan ’e gemeente. 27Wurdt der yn in frjemde taal sprutsen, lit dan twa of op ’en heechsten trije dat dwaan, bar om bar, en ien moat it útlizze. 28Is der lykwols net ien om it út te lizzen, dan moatte se yn ’e tsjerke swije, mar foar harsels en foar God sprekke.
29Wat de profeten oangiet: twa of trije meie it wurd dwaan en de oaren moatte it beoardielje. 30Mar as in oar, dy’t noch op syn plak sit, in iepenbiering kriget, dan moat de earste swije. 31Want jimme kinne allegearre ien foar ien profetearje, dat allegearre leare en allegearre oantreaste wurde. 32En de profeten hawwe de geasten fan ’e profeten yn ’e macht; 33want God is net in God fan dusoarder, mar fan frede. Lykas yn alle gemeenten fan ’e hilligen, 34moatte de froulju yn ’e gearkomsten swije. Hja meie ommers net sprekke, mar moatte har plak witte, lykas ek de wet seit. 35As se wat leare wolle, lit har thús har eigen manlju freegje; it jout no ienris gjin foech foar in frou om yn ’e tsjerke it wurd te dwaan. 36Is it wurd fan God faaks fan jimme útgien? Of is it allinne ta jimme kommen? 37As ien tinkt, dat er in profeet is of oare jeften fan de Geast hat, lit him meistimme dat wat ik jimme skriuw, in gebod fan de Hear is. 38Wa’t hjir net fan witte wol, fan him wol God net witte. 39Sa dan, myn bruorren, lis jimme út op it profetearjen en kear it sprekken yn frjemde talen net tsjin. 40Mar lit alles mei skik en mei oarder om-en-ta gean.