Israel as warskôging
1Ik wol, bruorren, dat jimme goed witte, dat ús foarfaars allegearre ûnder de wolk west hawwe en allegearre troch de see gien binne; 2en allegearre binne dy doopt yn ’e wolk en de see, dat se hearden tenei by Mozes; 3en allegearre hawwe se itselde geastlik iten hân; 4en allegearre hawwe se itselde geastlike drinken hân – want se dronken út in geastlike rots, dy’t mei har meigong en dy rots wie Kristus. 5En dochs moast God fan ’e measten fan har neat hawwe, want se waarden delslein yn ’e woestyn. 6Dy dingen binne dus in foarbyld foar ús as warskôging, dat wy net wat ferkeards begeare soenen, lykas sij dat dienen. 7Wurd ek gjin ôfgoadetsjinners, lykas guon fan harren, sa’t beskreaun stiet: It folk gong sitten om te iten en te drinken en gong oerein om te dûnsjen. 8Lit ús ek gjin ûntucht dwaan, lykas guon fan harren dat dienen, en 23.000 foelen op ien dei dea del.
9Lit ús ek de Hear net fersykje, lykas guon fan harren dat dienen, en se waarden deabiten troch de slangen. 10Wrokje ek net [tsjin God], lykas guon fan harren dat dienen, en se kamen om troch de ferdjeringel. 11Dat is harren oerkommen as in foarbyld foar oaren en it is opskreaun as in warskôging foar ús, en ta ús is de ein fan ’e ieuwen kommen. 12Dêrom: wa’t mient dat er stiet, lit dy oppasse, dat er net falt. 13Der hat jim gjin fersiking oantaast, dy’t te swier is foar in minske om te dragen. Mar God is trou. Hy sil net talitte, dat jim sa slim fersocht wurde, dat it jimme oermânsk wurdt, mar Hy sil mei de fersiking ek de útkomst jaan, sadat jimme it úthâlde kinne.
Kom net op heidenske offerfeesten
14Dêrom, myn leave bruorren, gean de ôfgodstsjinst út ’e wei. 15Ik sprek ta jimme as tsjin ferstannige minsken. Oardielje sels oer wat ik sis. 16De beker fan ’e tanksizzing, dêr’t wy de tanksizzing oer útsprekke, is dat net in mienskip mei it bloed fan Kristus? It brea, dat wy brekke, is dat net in mienskip mei it lichem fan Kristus? 17Om’t it ien brea is binne wy, hoe machtich ek, ien lichem, want allegearre hawwe wy diel oan it iene brea. 18Sjoch nei it Joadske folk: hawwe hja dy’t de offers ite, gjin mienskip mei it alter?
19Wat wol ik dêrmei sizze? Dat in offer oan ’e ôfgoaden wat betsjut? Of dat dy ôfgod sels wat betsjut? 20Nee, mar wat de heidenen offerje, offerje se oan ’e kweageasten en net oan God. En ik wol net, dat jimme mienskip mei de kweageasten oangeane. 21Jimme kinne net tagelyk de beker fan de Hear drinke en de beker fan de kweageasten. Jimme kinne net tagelyk diel hawwe oan ’e tafel fan de Hear én oan ’e tafel fan ’e kweageasten. 22Of soenen wy de Hear oergeunstich meitsje wolle? Soenen wy faaks sterker wêze as Hy?
Leafde foar de swakken
23Alles is tastien. Wis, mar net alles docht goed. Alles is tastien. Wis, mar net alles bout op. 24Lit gjinien syn eigen belang sykje, mar dat fan ’e oare. 25Alles wat op ’e merk ferkocht wurdt, meie jimme ite, sûnder der om it gewisse op yn te freegjen. 26Want de Hear sines is de ierde en alles wat deryn is. 27As ien fan ’e ûnleauwigen jimme noeget en jimme wolle derhinne gean, yt dan rêstich alles wat jimme foarset wurdt, sûnder der om it gewisse op yn te freegjen. 28Mar seit ien tsjin jimme: dat is offerfleis, yt der dan net fan om him dy’t it dy te witten dien hat, en om it gewisse. 29Ik bedoel net jimme eigen gewisse, mar dat fan dy oare. Wêrom – silsto freegje – sil ik no myn kristlike frijheid beoardielje litte troch oaremans gewisse? 30As ik ûnder tanksizzing mei yt, wêrom wurdt der kwea fan my sprutsen om wat, dêr’t ik God foar tankje?
31Dêr sis ik dit op: Likefolle oft jimme no ite of drinke of wat oars dogge, jimme moatte alles dwaan ta eare fan God. 32Lis it leauwen neat yn ’e wei, noch foar Joaden, noch foar Griken, noch foar de gemeente fan God; 33ik besykje sa ek yn alles om it allegearre nei ’t sin te dwaan en sykje net myn eigen foardiel, mar dat fan ’e grutte mannichte, dat dy behâlden wurde mei.