1 Kroniken 3
David syn soannen
1Dit wienen David syn soannen dy’t er te Hebron krige hat: de âldste Amnon by Achinoam de Jizreëlityske, as twadde Daniël by Abigaïl de Karmelityske; 2de tredde Absalom by Maäka, de dochter fan kening Talmai fan Gesjûr; de fjirde Adonia, de soan fan Chaggit; 3de fyfte Sjefatja by Abital; de sechste Jitream by syn frou Egla. 4Dy seis krige er te Hebron, dêr’t er sân jier en seis moanne kening wie. Trijeëntritich jier hat er kening west te Jeruzalem.
5Dizzen krige er te Jeruzalem: Sjima, Sjobab, Natan en Salomo by Batsjûa de dochter fan Ammiël; fjouwer. 6En fierder: Jibchar, Elisjama en Elifêlet; 7Noga, Nêfeg en Jafia; 8Elisjama, Eljada en Elifêlet; njoggen. 9Dat wienen alle soannen fan David, de soannen fan ’e byfroulju net meiteld. Tamar wie har suster.
Keningen fan Juda
10De soan fan Salomo wie Rechabeäm; dy syn soan Abía; dy syn soan Asa; dy syn soan Josjafat; 11dy syn soan Joaram; dy syn soan Achazja; dy syn soan Joäsj; 12dy syn soan Amasja; dy syn soan Azarja; dy syn soan Jotam; 13dy syn soan Achas; dy syn soan Hizkía; dy syn soan Manasse; 14dy syn soan Amon; dy syn soan Josjía. 15De soannen fan Josjía wienen: de âldste Jochanan, de twadde Jojakim; de tredde Sedekía; de fjirde Sjallûm. 16De soan fan Jojakim wie Jekonja en dy syn soan Sedekía.
David syn skaai nei de ballingskip
17De soannen fan de balling Jekonja wienen: Sjeältiël 18en Malkiram, Pedaja, Sjênasser, Jekamja, Hosjama en Nedabja. 19De soannen fan Pedaja wienen: Serûbbabel en Sjimy; de soannen fan Serûbbabel: Mesjûllam en Chananja mei har suster Sjelomit. 20(De soannen fan Mesjûllam wienen:) Chasjûba, Ohel, Bêrekja, Chasadja, Jûsjab-Chêsed; fiif mei-inoar. 21De soannen fan Chananja: Pelatja; dy syn soan wie Jesjaja; dy syn soan Refaja; dy syn soan Arnan; dy syn soan Obadja; dy syn soan Sjekanja. 22De soan fan Sjekanja wie Sjemaja; de soannen fan Sjemaja: Chattûsj, Gibal, Bariach, Neärja en Sjafet; seis mei-inoar. 23De soannen fan Neärja wienen: Eljoënai, Hizkía, Azrika; trije. 24En de soannen fan Eljoënai wienen: Hodawja, Eljasjib, Pelaja, Akkûb, Jochanan, Delaja, Anany; sân mei-inoar.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap