Nije regeling by de leviten
1Doe’t David âld en oan ’e ein fan syn dagen wie, makke er syn soan Salomo kening oer Israel. 2Hy brocht alle foarmannen fan Israel en fan de prysters en fan de leviten byinoar. 3De leviten fan tritich jier en âlder waarden teld; man foar man teld wienen der 38.000. 424.000 fan harren moatte de tsjinst yn it hûs fan de Heare waarnimme en 6.000 amtner en rjochter wêze – sei David – 54.000 moatte as poartewachters stean en 4.000 moatte de Heare loovje op ’e ynstruminten dy’t ik foar de lofprizing meitsje litten haw.
6David ferdielde har yn ôfdielings neffens de soannen fan Levy: Gersjon, Kehat en Merary. 7Under de Gersjoniten foelen: Ladan en Sjimy. 8De soannen fan Ladan wienen Jechiël de âldste, en, dan Setam en Joël; trije mei-inoar. 9De soannen fan Sjimy wienen Sjelomit, Chaziël en Charan, trije mei-inoar. Dat wienen de âldsten fan Ladan syn stamhuzen. 10De soannen fan Sjimy wienen Jachat, Sina, Jeûs en Beria. Dat wienen de soannen fan Sjimy, fjouwer mei-inoar. 11Jachat wie de âldste en Siza de twadde, mar Jeûs en Beria hienen net folle soannen, dat dy waarden rekkene foar ien stamhûs, foar ien tsjinstferban.
12De soannen fan Kehat wienen Amram, Jishar, Chebron en Oezziël; fjouwer mei-inoar. 13De soannen fan Amram wienen Aäron en Mozes. Aäron krige in apart plak, om as heechhillich wijd te wurden ta it hillichste amt, hy en syn soannen foar altyd, om de Heare rûkoffers te bringen, prystertsjinst te dwaan en mei syn namme te segenjen foar altyd. 14Wat de godsman Mozes oanbelanget, dy syn soannen waarden gewoan by de stam fan Levy rekkene.
15De soannen fan Mozes wienen Gersjom en Eliêzer. 16Fan Gersjoms soannen wie Sjebûel de âldste. 17De soan fan Eliêzer wie Rechabja, de stamhâlder. Mear soannen hie Eliêzer net, mar de soannen fan Rechabja wienen tige machtich. 18De soan fan Jishar wie Sjelomit, de stamhâlder. 19De soannen fan Chebron wienen Jeriahû, de âldste, Amarja, de twadde, Jachaziël, de tredde en Jekamam, de fjirde. 20De soannen fan Oezziël wienen Mika, de âldste, en Jissjia, de twadde.
21De soannen fan Merary wienen Machly en Mûsjy; de soannen fan Machly wienen Elazar en Kisj. 22Doe’t Elazar stoar, hied er gjin soannen, wol dochters. En de soannen fan Kisj, har neven, namen har as froulju. 23De soannen fan Mûsjy wienen Machly, Eder en Jeremot, trije mei-inoar.
24Dat wienen de soannen fan Levy neffens har stamhuzen, de âldsten fan har stamhuzen neffens har tsjinstferbannen, man foar man teld en opneamd; dy hienen as taak de tsjinst yn it hûs fan de Heare waar te nimmen, dy fan tweintich jier en âlder. 25Want David sei: De Heare, de God fan Israel, hat syn folk rêst jûn en hy hat Him foar altyd te Jeruzalem te wenjen set. 26Dat no hoege de leviten de tintwenning mei al it guod foar de tsjinst net mear te dragen, 27– want neffens de lêste beskikking fan David wienen de leviten fan tweintich jier en âlder ynskreaun – 28mar se moatte de soannen fan Aäron bystean om ta te sjen op de foarhôven en op de keamers en op it skjinmeitsjen fan al it hillige guod en by it wurk yn ’e tsjinst fan Gods hûs; 29hja moatte ek mei de toanbreaën rêde, mei blom foar it moaloffer, mei de ûnsuorre plattekoeken, mei de bakplaten en mei it besleek en mei alle soarten fan mjitkoppen en mjitlatten; 30fierders moatte se alle moarnen weroan klear stean om de Heare lof en tank te sjongen en jûns krektsa; 31en ek elke kear dat de Heare brânoffers brocht wurde, op sabbat, by nije moanne en op hjeldagen, mei safollen as foarskreaun is, aloan foar it antlit fan de Heare. 32Sa hawwe se de tsjinst waar te nimmen by de tinte fan ’e moeting, it hillichdom; mar de soannen fan Aäron, har bruorren, dy sille de tsjinst yn it hûs fan de Heare waarnimme.