David lit it folk telle
1Doe kearde Satan him tsjin Israel, mei ’t er David derta ferlokke om in folkstelling yn Israel te hâlden. 2Dêrom sei David tsjin Joäb en tsjin de stamhaden: Gean hinne en tel Israel fan Beër-Sjeba yn it suden ôf oan Dan yn it noarden ta. Doch my dan de útkomst troch, dat ik wit hoe machtich oft se binne. 3Mar Joäb sei: Mei de Heare syn folk noch hûndert kear sa machtich meitsje as it no al is. Mynhear de kening, it binne ommers allegearre mynhear syn tsjinners. Wêrom wol mynhear soks? Wêrom soene wy Israel sa yn ’e skuld bringe? 4Mar de kening koe Joäb mei it wurd wol oer; dat Joäb gong fuort, krúste it hiele lân troch en kaam yn Jeruzalem werom.
5En Joäb joech David de útkomst fan ’e folkstelling op: Israel hie mei-inoar 1.100.000 striidbere mannen en Juda 470.000. 6Levy en Benjamin hied er net mei opnommen, want de opdracht fan ’e kening wie Joäb min nei ’t sin.
7Yn Gods eagen wie dit in kweade saak en dêrom woed Er Israel straffe. 8Doe sei David tsjin God: Ik haw swier sûndige mei sa te dwaan. Mar ferjou jo tsjinner dizze misset dochs, want ik haw in grutte dwaasheid dien. 9De Heare spriek Gad, de sjenner fan David, oan en sei: 10Gean nei David ta en sis him: Dit hat de Heare te sizzen: Trije dingen lis Ik dy foar; kies der ien út, dan sil Ik dij dat oandwaan.
11Doe gong Gad nei David ta en sei tsjin him: Dit hat de Heare te sizzen: Do kinst kieze, 12òf trije jier hongersneed, òf trije moanne datst fan dyn tsjinstanners slach op slach krijst en dat it swurd fan dyn fijannen dy oanienwei op ’e lea sit, òf trije dagen it swurd fan de Heare: de pest yn it lân, in ingel fan de Heare, dy’t yn Israels hiele gerjochtichheid ferdjer bringt. Dat lit no tige yn jo omgean, wat antwurd ik jaan moat oan Him dy’t my stjoerd hat. 13Doe sei David tsjin Gad: No sit ik raar yn ’e knipe. Lit my mar yn ’e hân fan de Heare falle, want syn barmhertichheid is wit-hoe-grut, mar lit my net yn minskehannen falle.
14Dêrom liet de Heare in pest op Israel los en ûnder de Israeliten foelen 70.000 slachtoffers. 15God stjoerde ek in ingel nei Jeruzalem om dêr ferdjer te bringen, mar doe’t dat geande wie, seach de Heare dat ûnheil en it begrutte Him; Hy sei tsjin de ingel fan it ferdjer: Sa is’t genôch, lûk de hân werom! De ingel fan de Heare stie krekt by de terskflier fan Ornan, de Jebûsyt.
16Doe’t David de eagen opsloech, seach er de ingel fan de Heare tusken ierde en himel stean, it útlutsen swurd yn ’e hân, útstutsen oer Jeruzalem. Doe lieten David en de âldsten har oer de grûn falle, mei sekken oer har hinne. 17En David sei tsjin God: Bin ik it net, dy’t opdracht jûn haw, om it folk te tellen? Ja, ik bin it, dy’t my oan dit grutte kwea besûndige haw; mar dizze skiep hjirre, wat hawwe dy dien? God, myn Heare, kear jo hân leaver tsjin my en tsjin myn famylje en lit it foar jo folk gjin pleach wurde.
18Doe joech de ingel fan de Heare Gad opdracht: Sis David, dat er nei de terskflier fan Ornan de Jebûsyt gean moat, om dêr in alter foar de Heare te setten. 19David gong op paad neffens it wurd fan Gad, dat dy út namme fan de Heare sprutsen hie. 20Doe’t Ornan him omkearde, seach er de ingel; en syn fjouwer soannen dy’t by him wienen, kroepen ferside. Ornan wie oan it weetterskjen.
21David kaam op Ornan ta. Ornan seach op en waard David gewaar. Doe kaam er fan de terskflier ôf en bûgde him foar David mei it gesicht nei de grûn. 22David sei tsjin Ornan: Jou my dochs it stee fan ’e terskflier, dat ik dêr in alter foar de Heare bouwe kin. Jou it my foar de folle priis, dat dizze pleach fan it folk ôfnommen wurdt. 23Doe sei Ornan tsjin David: Nim it mar, en lit mynhear de kening dwaan sa’t him goedtinkt. Sjoch, ik jou jo dizze oksen as brânoffer, de tersksliden as hout en de weet as moaloffer; ik jou it jo allegearre. 24Mar kening David sei tsjin Ornan: Sa sille wy net, keapje wol ik it foar de folle priis. Want ik wol de Heare net offerje, wat jowes is en him gjin brânoffer bringe, dat my neat kostet. 25Doe betelle David Ornan foar dat stee in gewicht oan goud fan 600 sikkel. 26Sa boude David dêr in alter foar de Heare, hy brocht brânoffers en frede-offers, en hy rôp de Heare oan en Dy antwurde him mei fjoer dat út ’e himel op it brânofferalter delkaam. 27En de Heare hiet de ingel it swurd wer yn ’e skie te stekken.
28Yn dy snuorje, doe’t David murk, dat de Heare him antwurde hie op ’e terskflier fan Ornan, de Jebûsyt, waard dat it plak dêr’t hy offere, 29want de tintwenning fan de Heare, dy’t Mozes yn ’e woestyn makke hie, en it brânofferalter wienen doedestiids noch op ’e hichte te Gibeön. 30Mar David doarst it net oan en kom dêr foar God om in útspraak fan Him te freegjen; sa kjel wied er wurden fan it swurd fan de ingel fan de Heare.