1 Kroniken 20
Rabba ynnommen
1Begjin fan ’t oare jier, yn ’e tiid dat de keningen derop útgeane, brocht Joäb de legermacht yn it fjild en ferrinnewearre it lân fan ’e Ammoniten. Doe gong er op Rabba oan en belegere dat, wylst David noch yn Jeruzalem bleaun wie. Nei’t Joäb Rabba ynnommen en ferwoeste hie, 2naam David Milkom de kroan fan ’e holle. It die him bliken, dat dy in talint oan goud woech. Der siet in kostbere edelstien yn en David krige dy no op ’e holle. Hy naam ek in ûnwittend rike bút út ’e stêd mei. 3It folk dat dêr wenne, ferballe er; hy sette har te wurk mei seagen, izeren houwielen en bilen. Doe gongen David en al syn folk nei Jeruzalem werom.
Striid tsjin ’e Filistinen
4Dêrnei gong de striid mei de Filistinen wer oan. Dat wie te Gêzer. Doe hat Sibbekai út Chûsa Sibbai, ien út ’e neiteam fan ’e Refaïten deaslein; dat de Filistinen moasten belies jaan. 5Yn in oare slach mei de Filistinen sloech Elchanan, de soan fan Jaïr, de broer fan Goliat fan Gat, dea; dy hie in spear mei in stâle sa grou as in weverspeal. 6Doe’t der werris fochten waard by Gat, wie dêr in ûnbidich lange keardel dy’t seis fingers oan ’e hannen en sels teannen oan ’e fuotten hie, mei-inoar fjouwerentweintich dus; dat wie ek in Refayt fan komôf. 7Doe’t er Israel hune, sloech Jonatan, de soan fan Sima, David syn broer, him dea. 8Dy mannen stammen ôf fan Rafa te Gat; se foelen troch de hân fan David en syn mannen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap