1 Kroniken 18
Oerwinningen fan David opbuorfolken
1Dêrnei rekke David mei de Filistinen yn ’e slach en hy brocht har derûnder en hy naam de Filistinen Gat en de plakken dy’t derby hearre, ôf. 2Moäb fersloech er ek en sadwaande kamen de Moäbiten ûnder David en moasten se him skatting opbringe. 3Fierders fersloech David Hadadêzer, de kening fan Soba, de kant fan Hamat út, doe’t dy opteach om syn macht oan ’e rivier de Eufraat te festigjen. 4David naam him 11.000 weinen ôf en 7000 ruters en 20.000 man fuotfolk. David liet alle hynders de haksinen trochsnije, mar hûndert span hâlde er oer. 5Doe kamen de Arameeërs fan Damaskus om kening Hadadêzer fan Soba te helpen, mar David fersloech fan ’e Arameeërs 22.000 man. 6En David lei besetting yn Aram-Damaskus, dat de Arameeërs moasten har ûnder David deljaan en him skatting opbringe. Sa joech de Heare David de oerwinning by al wat er ûndernaam. 7De gouden skylden dy’t fan Hadadêzer syn tsjinstfeinten west hienen, naam David mei nei Jeruzalem. 8Ut Tibchat en Kûn, stêden fan Hadadêzer, naam David ûnwittend folle brûns mei. Dêr hat Salomo de brûnzen see, de pylders en it brûnzen gerei fan makke. 9Doe’t kening Toû fan Hamat hearde, dat David it hiele leger fan kening Hadadêzer fan Soba ferslein hie, 10stjoerde er syn soan Hadoaram nei kening David ta om him de groetenis te dwaan en him der lok mei te winskjen dat er mei Hadadêzer yn ’e slach west hie en him ferslein hie – it hie altyd oarloch west tusken Hadadêzer en Toû. Hadoaram hie allerhanne gouden, sulveren en brûnzen gerei by him. 11Dat hat kening David ek oan ’e Heare wijd mei it sulver en it goud dat er alle folken ôfnommen hie: fan Edom, Moäb, de Ammoniten, de Filistinen en Amalek.
12Fierders fersloech Abisjai, de soan fan Serûja, de Edomiten yn ’e sâltdelling: 18.000 man. 13Hy lei besetting yn Edom en hiele Edom moast him ûnder David deljaan. Sa joech de Heare David de oerwinning by al wat er ûndernaam. 14No wie David kening oer hiele Israel en hy regearre it hiele folk aloan neffens rjocht en gerjochtichheid. 15Joäb, de soan fan Serûja, stie oer it leger en Josafat, de soan fan Achilûd, wie kânselier. 16Sadok, de soan fan Achitûb, en Achimêlek, de soan fan Abjatar, wienen prysters en Sjawsja wie griffier; 17Benaja, de soan fan Jojada, stie oer de Kretiërs en de Pletiërs; en David syn âldste soannen wienen de earsten nei de kening.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap