David sels sil de timpel net bouwe
1Doe’t David goed en wol yn syn paleis wenne sei er op in kear tsjin profeet Natan: Sjochris, ik wenje yn in sederhouten hûs, mar de ferbûnsarke fan de Heare hâldt mar ûnder tintkleden ta. 2Doe sei Natan tsjin David: Doch alles wat jo yn jo omgean litte, want God is mei jo!
3Mar dyselde nachts krige Natan dit wurd fan God: 4Gean hinne nei myn tsjinstfeint David en sis tsjin him: Dit hat de Heare te sizzen: Do bist it net, dy’t My it hûs sette sil om yn te wenjen. 5Ik haw ommers net yn in hûs wenne fan ’e dei ôf dat Ik Israel hjirhinne brocht haw oan hjoed-de-dei ta; Ik wie altyd yn tinte of tabernakel. 6Haw Ik, wêr’t Ik ek omreizge mei hiele Israel, ek mar ien fan Israels rjochters, dy’t Ik opdroegen hie om myn folk te hoedzjen, it ferwyt dien: Wêrom hawwe jimme net in sederhouten hûs foar My set? 7No dan, dit moatst tsjin myn tsjinstfeint David sizze: Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Ik bin it, dy’t dij fan ’e skieppeweide helle haw achter de skiep wei om foarst oer myn folk Israel te wêzen. 8Ik haw mei dy west yn al dyn ûndernimmens en Ik haw dyn fijannen foar dyn eagen útroege. Ik haw dy in namme jûn lyk oan dy fan ’e grutten fan ’e ierde; 9Ik wol myn folk Israel in plak taskikke en it plantsje, dat it op syn eigen stee wenje mei. En it sil net wer yn ûnstjoer brocht wurde en misdiedigers sille it net langer te nei komme lykas yn it earstoan, 10sûnt de dagen dat Ik rjochters oer myn folk Israel stelde. En ik sil al dyn fijannen lytsman meitsje. Dêrom kundigje Ik dy oan: De Heare sil in hûs foar dy sette. 11En as dyn tiid dan kommen is om ôf te reizgjen nei dyn foarfaars, dan sil Ik ien út dyn neiteam opkomme litte, ien fan dyn eigen soannen, en Ik sil syn keningskip fêstichheid jaan. 12Hy is it dy’t in hûs foar My sette sil en Ik sil syn troan foar altyd befestigje. 13Ik sil foar him in heit wêze en hy in soan foar My, en Ik sil him myn goedgeunstigens net ûntkeare, sa’t Ik dat dyn foargonger dien haw. 14Ik sil him foar altyd yn myn hûs en yn myn keninkryk steande hâlde en syn troan sil foar altyd fêst stean.
15Neffens al dy wurden en dat hiele fizioen, krektsa hat Natan tsjin David sprutsen.
Davids tanksizzing
16Doe gong kening David yn it hillichdom en hy gong foar it antlit fan de Heare sitten en sei: Wa bin ik en wat is myn hûs, dat Jo my sa fier brocht hawwe? 17En dat wie by Jo noch mar in bytsje, o God; dêrom hawwe Jo oer it hûs fan jo tsjinstfeint fier yn it foar tasizzings dien en Jo, God, myn Heare, hawwe my in takomst sjen litten, dy’t it begryp fan in minske fier te boppe giet. 18Wat sil David noch mear tsjin Jo sizze by alle eare dy’t Jo jo tsjinstfeint al dien hawwe? Jo kenne jo tsjinstfeint ommers wol?
19Heare, om ’e wille fan jo tsjinstfeint en om’t Jo sa goed binne, hawwe Jo sa grutmoedich west en doch jo tsjinstfeint al dy grutte dingen te witten. 20Heare, der is gjinien lykas Jo en der is gjin God behalven Jo, sa’t bliken docht út alles wat wy mei eigen earen heard hawwe. 21Is der behalven jo folk Israel op ierde ek mar ien naasje, dy’t Jo, God, frijkocht hawwe om foar Josels in folk te hawwen en om namme te meitsjen troch grutte en ûntsachlike dingen te dwaan: troch naasjes te ferdriuwen foar jo folk, dat Jo út Egypte loskocht hawwe? 22En Jo hawwe it folk Israel foar ivich ta jo folk makke, en Jo, Heare, binne God foar harren wurden.
23Heare, lit it wurd dat Jo oer jo tsjinstfeint en oer syn hûs sprutsen hawwe, dan foar altyd wier wurde en dòch lykas Jo sprutsen hawwe. 24Ja, lit it wier wurde en lit jo namme grut wêze foar altyd, dat men sizze mei: De Heare Almachtich, de God fan Israel, is yn wierheid God foar Israel. En mei it hûs fan jo tsjinstfeint David fêst stean foar jo eagen. 25Want Jo, myn God, hawwe jo tsjinstfeint klear iepenbiere, dat Jo in hûs foar him sette sille. Dêrom hat jo tsjinstfeint frijmoedichheid fûn om foar jo antlit te bidden. 26Ja wier, Heare, Jo binne God en hawwe jo tsjinstfeint dit lok foarsein. 27Ja, Jo hawwe it hûs fan jo tsjinstfeint segenje wollen, dat it foar altyd foar jo eagen bestean sil; want Jo, Heare, hawwe it segene en dan sil it foar altyd segene wêze.