Tariedingfoar it oerbringen fan ’e arke
1Doe’t David foar himsels in paleis yn ’e Davidsstêd sette litten hie, makke er foar de arke fan God plak ree en sette der in tinte foar op. 2Doe sei er: Gjinien oars sil Gods arke drage as de leviten, want dy hat de Heare útkeazen om syn arke te dragen en de tsjinst derby foar altyd waar te nimmen.
3No rôp David hiele Israel te Jeruzalem byinoar om de arke fan de Heare oer te bringen nei it plak dat er derfoar yn oarder brocht hie. 4David brocht ek de soannen fan Aäron en de leviten byinoar.
5Fan ’e Kehatiten: Oeriël, de foarman, mei syn sibben: 120 man. 6Fan ’e Mearariten: Asaja, de foarman, mei syn sibben: 220 man. 7Fan ’e Gersjomiten: Joël, de foarman, mei syn sibben: 130 man. 8Fan Elisafan syn neiteam: Sjemaja de foarman, mei syn sibben: 200 man. 9Fan Chebron syn neiteam: Eliël, de foarman, mei syn sibben: 80 man. 10Fan Oezziël syn neiteam: Amminadab, de foarman, mei syn sibben: 112 man.
11Doe rôp David de prysters Sadok en Abjatar en de leviten Oeriël, Asaja en Joël, Semaja, Eliël en Amminadab 12en hy sei tsjin har: Jimme, famyljehaden fan ’e leviten, ris jim út foar de hillige taak, jimsels en de oaren, om de arke fan de Heare, de God fan Israel oer te bringen nei it plak dat ik derfoar yn oarder brocht haw. 13Want, mei’t jim de earste kears der net by wienen, hat de Heare ús God op ús ynslein, om’t wy der gjin noed foar stien hawwe neffens rjocht en regel.
14Doe risten de prysters en de leviten har út om de arke fan de Heare, de God fan Israel, oer te bringen. 15De leviten droegen de arke fan God en se dienen dat sa’t Mozes dat neffens it wurd fan de Heare foarskreaun hie: mei draachstokken oer it skouder. 16Fierders sei David tsjin de foarmannen fan ’e leviten, dat se de sjongers ûnder harren mei spylark opstelle moasten: harpen, lieren en bekkens, dat dy har mei in bliid lûd hearre litte mochten.
17Doe stelden de leviten oan: Heman, de soan fan Joël en fan syn sibben: Asaf, de soan fan Bêrekja; 18en mei harren har sibben fan legere rang: de poartewachters Sekarja, de soan fan Jaäziël, Sjemiramot, Jechiël, Oenny, Eliab, Benaja, Maäseja, Mattitja, Eliflehû, Mikneja, Obed-Edom en Jeïel; 19de sjongers Heman, Asaf en Etan, om muzyk te meitsjen mei brûnzen bekkens; 20Sekarja, Aziël, Sjemiramot, Jechiël, Oenny, Eliab, Maäseja en Benaja mei harpen yn it hege oktaaf; 21Mattitja, Eliflehû, Mikneja, Obed-Edom, Jeïel en Azasja mei lieren yn it lege oktaaf foar de begelieding. 22Kenanja, foarman fan ’e leviten, gong oer de foardracht, want dêr hied er ferstân fan. 23Bêrekja en Elkana wienen poartewachters by de arke. 24De prysters Sjebenja, Josjafat, Netanel, Amasai, Sekarja, Benaja en Eliêzer blaasden op trompetten foar Gods arke; en Obed-Edom en Jechia wienen poartewachters by de arke.
De arke wurdt nei Jeruzalem brocht
25Doe gongen David en de âldsten fan Israel en de oanfierders fan tûzenskippen hinne en brochten de ferbûnsarke fan de Heare ûnder gejubel oer út it hûs fan Obed-Edom wei. 26Om’t God de leviten bystie, dy’t de ferbûnsarke fan de Heare droegen, offeren se sân bollen en sân rammen. 27David hie in mantel oan fan Syrysk linnen; dat hienen de leviten dy’t de arke droegen ek, en de sjongers en Kenanja, dy’t de lieding hie by it oerbringen; boppedat hie David in linnen skouderkleed om.
28Sa brocht hiele Israel de ferbûnsarke fan de Heare oer ûnder gejubel en it lûd fan rammehoarnen, trompetten en bekkens en muzyk op harpen en lieren. 29Krekt doe’t de ferbûnsarke fan de Heare by de Davidsstêd kommen wie, stie Michal, Sauls dochter, ta it finster út te sjen. Doe’t se kening David gewaar waard, sa’t er dêr dûnse en die, hie se ynwindich de gek mei him.