1 Kroniken 14
David syn paleis en húshâlding te Jeruzalem
1Chiram, de kening fan Tyrus, stjoerde boaden nei David ta mei sederhout, stiensetters en timmerlju, om him in paleis te setten. 2Dêr fernaam David oan, dat de Heare him befestige hie as kening oer Israel; syn keningskip kaam heech yn oansjen om ’e wille fan syn folk Israel. 3Boppedat naam David te Jeruzalem noch mear froulju en David krige noch mear soannen en dochters. 4Hjir komme de nammen fan ’e bern dy’t er te Jeruzalem krige: Sjammûa, Sjobab, Natan, Salomo, 5Jibachar, Elisjûa, Elpêlet, 6Noga, Nêfeg, Jafia, 7Elisjama, Beëljada en Elifêlet.
Oerwinning op ’e Filistinen
8Doe’t de Filistinen hearden, dat David as kening oer hiele Israel salve wie, kamen se allegearre opsetten om David yn hannen te krijen. David hearde dat en hy teach harren yn ’e mjitte. 9Underwilens wienen de Filistinen kommen en hienen har ferspraat oer de delling fan ’e Refaïten. 10Doe frege David God om in útspraak: Sil ik op ’e Filistinen ôfgean en sille Jo har oan my oerleverje? En de Heare sei tsjin him: Gean derop ôf, dan leverje Ik har oan dy oer! 11Sa setten se op Baäl-Perasim ta en dêr fersloech David harren. Hy sei: Mei myn hân is God troch myn fijannen hinnebrutsen sa’t wetter trochbrekt. Dêrom neamden se dat stee: Baäl-Perasim, dat is: Hear fan ’e trochbraak. 12Hja lieten har goaden dêr achter en David sei: Stek se yn ’e brân!
13Mar de Filistinen lieten it der net by sitte en ferspraten har wer oer de delling. 14Wer frege David God om in útspraak en God sei tsjin him: Set harren net achternei, mar draai op in distânsje om har hinne, dan kinst har foar de balsemstrûken oer beneikomme. 15Sa gausto dan hearst, dat der in rûzjen troch de toppen fan ’e balsemstrûken giet, dan silsto de striid yngean, want dan giet God foar dy út om it leger fan ’e Filistinen te ferslaan. 16Doe die David sa’t God him hjitten hie, en se fersloegen it leger fan ’e Filistinen fan Gibeön ôf oan Gêzer ta. 17Sadwaande krige David namme, alle lannen troch, en de Heare brocht by alle folken de skrik foar him deryn.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap