1 Kroniken 13
Gods arke wurdt út Kirjat-Jeärim helle
1Nei’t David it mei de oanfierders fan tûzenskippen en hûndertskippen, dus mei alle befelhawwers oerlein hie, 2sei er tsjin ’e hiele folksfergearring fan Israel: As it jimme goed taliket en it neffens de wil fan de Heare ús God is, lit ús dan rûnom oan ús bruorren dy’t yn alle dielen fan Israel oerbleaun binne en ek oan ’e prysters en leviten yn ’e stêden dêr’t se har mienskarren hawwe, it boadskip stjoere, dat se har by ús jouwe; 3dan wolle wy de arke fan ús God wer by ús helje, want yn ’e dagen fan Saul hawwe wy der gjin noed fan stien. 4Doe sei de hiele gearkomste, dat woenen se dwaan; want se achten it allegear in goede saak.
5Sadwaande rôp David hiele Israel byinoar, fan ’e Sichor yn Egypte ôf oan de tagong fan Hamat ta, om Gods arke fan Kirjat-Jeärim op te heljen. 6Doe teach David mei hiele Israel nei Baäla, nei Kirjat-Jeärim, dat by Juda heart, om dêrwei de arke op te heljen fan God de Heare, dy’t op ’e kearûb-ingels troanet, de arke dêr’t de hillige Namme oer útroppen wurdt. 7Se rieden Gods arke op in nije wein út it hûs fan Abinadab; Oezza en Achjo stjoerden de wein. 8David en hiele Israel dûnsen foar Gods eagen út alle macht mei sang, by lieren, harpen, trommen, bekkens en trompetten.
9Mar doe’t se njonken de terskflier fan Kidon kommen wienen, stiek Oezza de hân út om de arke te hâlden, want de oksen stroffelen. 10Doe waard de Heare tige lilk op Oezza en Hy sloech him, om’t er de hân útstutsen hie nei de arke. Sa stoar hy dêr foar Gods antlit. 11David makke him der tige lilk oer, dat de Heare sa op Oezza ynslein hie, en hy neamde dat plak Peares-Oezza; sa hjit it no noch altyd.
12Dy deis waard David bang fan God en hy sei: Hoe moat ik Gods arke dan by my komme litte? 13Dêrom liet David de arke net by him bringe yn de Davidsstêd, mar hy liet him ôfslaan nei it hûs fan Obed-Edom, de Gattyt. 14Sadwaande bleau Gods arke trije moanne lang by Obed-Edom-en-dy yn ’e hûs; en de Heare segene it hûs fan Obed-Edom en al wat sines wie.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap