David wurdt as kening salve
1Doe kaam hiele Israel gear by David te Hebron en se seinen: Hjir binne wy, jo eigen fleis en bloed! 2Ek foartiid, doe’t Saul kening wie, teagen jo al mei Israel út en brochten it werom. En de Heare jo God, hat tsjin jo sein: Do silst myn folk Israel hoedzje en do silst foarst oer dit folk wêze. 3Doe kamen alle âldsten fan Israel by de kening te Hebron, en David sleat in ferbûn mei harren te Hebron foar de eagen fan de Heare en hja salven David as kening oer Israel sa’t de Heare sein en Samuël it trochjûn hie.
4Doe gong David mei hiele Israel nei Jeruzalem – dat hiet doe Jebûs – en de bewenners fan dy kontrei wienen de Jebûsiten. 5De ynwenners fan Jebûs seinen tsjin David: jo komme der net yn! Mar David naam de berchstins Sion, dat is no de Davidsstêd. 6David hie sein: Wa’t de Jebûsiten it earst ferslacht, dy wurdt heechste oanfierder. De earste dy’t nei boppen klom, wie Joäb, de soan fan Serûja. Sa waard hy de heechste. 7David sette him yn ’e stins nei wenjen; dêrom neame se dy Davidsstêd. 8Hy boude de stêd oan alle kanten op, fan ’e Millo ôf hielendal yn ’e rûnte; en Joäb fernijde de stêd fierder. 9Sa waard David geandewei sterker en de Heare Almachtich wie mei him.
Davids helden
10No komme de foarmannen fan Davids helden, dy’t mei hiele Israel him krêftich stipe hawwe om kening te wurden; sa waard hy kening oer Israel, lykas de Heare sein hie. 11As helden fan David steane te boek: Jasjobam, de soan fan Hachmóny, de earste fan ’e trije. Dy swaaide syn spear tsjin trijehûndert, dy’t er yn ien kear fersloech. 12Nei him kaam Elazar, de soan fan Dodo, de Achochyt; dat wie ek ien fan de trije helden. 13Hy wie mei David te Pas-Dammin, doe’t de Filistinen har dêr gearlutsen hienen foar de striid. No wie dêr in stik lân dêr’t it koarn tige ticht stie. En doe’t it folk op ’e flecht sloech foar de Filistinen, 14sette Eleäzar him te war midden op dat stik lân; hy koe it hâlde en fersloech de Filistinen. Sa soarge de Heare foar in grutte ferlossing.
Wetter út ’e put fan Betlehem
15Trije fan ’e tritich foarmannen gongen ris nei de rots, nei David yn ’e grot fan Adûllam, wylst it leger fan ’e Filistinen him legere hie yn ’e delling fan ’e Refaïten. 16David hâlde doedestiids yn ’e berchfesting ta, en de Filistinen hienen in wachtpost yn Betlehem. 17Doe krige David oanstriid en hy suchte: Wa sil my wetter te drinken jaan út ’e put by de poarte fan Betlehem? 18Doe brieken dy trije troch it leger fan ’e Filistinen hinne en se putten wetter op út ’e put by de poarte fan Betlehem, namen it mei en brochten it by David. Mar David woe der net fan drinke: hy geat it út as offer foar de Heare 19en sei: Myn God mei my derfoar bewarje, dat ik soks dwaan soe. Soe ik it bloed fan dizze mannen drinke, dy’t har libben derby opset hawwe? Want har libben hat faai west, doe’t se it foar my hellen. En hy woe der net fan drinke. Dat hawwe dy trije helden dien. 20Abisjai, de broer fan Joäb, wie de oanfierder fan de tritich hy swaaide syn spear tsjin trijehûndert, dy’t er fersloech mar oan ’e trije kaam er net ta. 21Under de tritich wie hy achtenearre en hy waard har oanfierder, mar oan de trije kaam er net ta.
22Benaja, de soan fan Jojada, in moedich man út Kabseël, wie in man fan grutte dieden; hy fersloech de beide soannen fan Ariël út Moäb; hy gong ek in kûle yn en fersloech dêr in liuw op in dei dat der snie lei. 23Sa fersloech er ek in Egyptner, in grutte keardel, fiif jellen lang. Dy Egyptner hie in spear yn ’e hân as in weverspeal, mar hy kaam op him ta mei in stôk, skuorde dy Egyptner de spear út ’e hân en makke him dea mei syn eigen spear. 24Soks die Benaja, de soan fan Jojada; mar oan ’e trije helden kaam er net ta. 25Al wied er ûnder de tritich yn eare, oan de trije kaam er net ta. David sette him oer syn liifwacht.
26De helden wienen: Asaël, de broer fan Joäb; Elchanan, de soan fan Dodo út Betlehem; 27Sjammot, de Harodyt; Chêles, de Pelonyt; 28Ira, de soan fan Ikkesj, de Tekoyt; Abiêzer, de Anatotyt; 29Sibbekai, de Chûsjatyt; Ilai, de Achochyt; 30Marai, de Netofatyt; Cheled, de soan fan Baäna, de Netofatyt; 31Itai, de soan fan Ribai fan Gibeä yn Benjamin; Benaja, de Piratonyt; 32Chûrai út ’e delling fan Gaäsj; Abiël, de Arbatyt; 33Asmavet, de Bacharûmyt; Eljachba, de Sjaälbonyt. 34De soannen fan Hasjem, de Gizzonyt; Jonatan, de soan fan ’e Hararyt Sjagé; 35Achias, de soan fan ’e Hararyt Sakar; Elifal, de soan fan Oer. 36Chefer, de Mekeraryt; Achía, de Pelonyt; 37Chesron, de Karmelyt; Naärai, de soan fan Esbai; 38Joël, de broer fan Natan; Mibchar, de soan fan Hagry; 39Sêlek, de Ammonyt; Nachrai, de Berotyt, de wapendrager fan Joäb, de soan fan Serûja. 40Ira, de Jitryt en Gareb, de Jitryt; 41Oeria, de Hetyt; Sabad, de soan fan Achlai; 42Adina, de soan fan Sjaza, de Rûbenyt, haad fan ’e Rûbeniten, en mei him tritich man. 43Chanan, de soan fan Maäka, en Josjafat, de Mitnyt; 44Oezzia, de Asjteratyt; Sjama en Jeïel, soannen fan Chotam, de Aroëryt; 45Jediaël, de soan fan Sjimry; en syn broer Jocha, de Tisyt. 46Eliël, de Machanyt; Jeribai en Josjawa, soannen fan Elnaäm; Jitma, de Moäbyt; 47Eliël, Obed en Jaäsiël fan Mesobaja.