Fan Adam oant Noäch en syn trije soannen
1Adam, Set, Enosj, 2Kenan, Mahalaleël, Jêred, 3Henoch, Metûsjalach, Lamech, 4Noäch, Sem, Cham en Jafet.
De Jafet iten
5Soannen fan Jafet: Gomer, Magog, Madaï, Jawan, Tûbal, Mêsjek en Tiras. 6Soannen fan Gomer: Asjkenas, Difat en Togarma. 7Soannen fan Jawan: Elisja, Tarsjisj, de Kittiten en de Dodaniten.
De Chamiten
8Soannen fan Cham: Kûsj, Misraïm, Pût en Kanaän. 9Kûsj syn soannen: Seba, Chawila, Sabta, Rama, Sabteka; en Rama syn soannen: Sjeba en Dedan. 10Kûsj wie de heit fan Nimrod, dy ’t macht krige op ierde. 11Misraïm wie de heit fan de Lûditen, de Anamiten, de Lehabiten en de Naftûchiten; 12fierders de Patrûsiten, de Kaslûchiten, dêr’t de Filistinen fan ôfstamje, en de Kaftoriten. 13Kanaän wie de heit fan Sidon, syn earstberne, en Chet, 14en de Jebûsiten, de Amoriten en de Girgasjiten; 15de Chiwwiten, de Arkiten en de Siniten; 16de Arwaditen, de Semariten en de Hamatiten.
De Semiten
17Soannen fan Sem: Elam, Assûr, Arpaksjad, Lûd en Aram; en Aram syn soannen: Oez, Chûl, Gêter en Mêsjek.
18Arpaksjad wie de heit fan Sjêlach en Sjêlach fan Eber. 19Eber hie twa soannen, de iene hiet Pêleg, want yn syn dagen is der in spjalt ûnder de minsken kommen; en syn broer hiet Joktan. 20Joktan wie de heit fan Almodad, Sjêlef, Chazarmawet en Jêrach; 21Hadoaram, Oezal en Dikla; 22Ebal, Abimael en Sjeba; 23Ofir, Chawila en Jobab. Dat binne allegearre soannen fan Joktan.
Fan Sem oant Abraham
24Sem, Arpaksjad, Sjêlach, 25Eber, Pêleg, Reû, 26Serûg, Nachor, Têrach, 27Abram, dat is Abraham. 28Abraham syn soannen: Izaäk en Ismael.
De Ismaeliten
29Dit is har neiteam: Ismael syn earstlingssoan wie Nebajot, fierders: Kedar, Adbeël en Mibsam; 30Misjma, Dûma, Massa, Chadad en Tema; 31Jetûr, Nafisj en Kedema. Dat wienen de soannen fan Ismael.
32De soannen fan Ketûra, Abrahams byfrou. Hja krige: Simran, Joksjan, Medan, Midjan, Jisjbak en Sjûach. De soannen fan Joksjan wienen: Sjeba en Dedan. 33De soannen fan Midjan wienen: Efa, Efer, Chanok, Abida en Eldaä. Dat wienen allegear soannen fan Ketûra. 34En Abraham wie de heit fan Izaäk; Izaäks soannen wienen Ezau en Israel.
De Edomiten
35De soannen fan Ezau wienen Elifaz, Réûel, Jéûsj, Jalam en Koarach. 36De soannen fan Elifaz: Teman, Omar, Sefy, Gatam, Kenaz, Timna en Amalek. 37De soannen fan Reûel: Nachat, Sêrach, Sjamma en Mizza. 38De soannen fan Seïr wienen Lotan, Sjobal, Sibon en Ana; Disjon, Ezer en Disjan. 39De soannen fan Lotan: Choary en Homam; Lotan syn suster wie Timna. 40De soannen fan Sjobal: Alwan, Manachat, Ebal, Sjefy en Onam. De soannen fan Sibon: Ajja en Ana. 41De soan fan Ana: Disjon. De soannen fan Disjon: Chamran, Esjban, Jitran en Kearan. 42De soannen fan Ezer: Bilhan, Saäwan en Jaäkan. De soannen fan Disjan: Oesj en Aran.
Keningen yn Edom
43Dit binne de keningen dy’t der yn it lân Edom west hawwe, ear’t der in kening fan ’e Israeliten oer regearre: earst Bêla, de soan fan Beör; syn stêd hiet Dinhaba. 44Doe’t Bêla stoar, kaam Jobab, de soan fan Sêrach, út Bosra as kening foar him yn ’t plak. 45Doe’t Jobab stoar, kaam Chûsjam út it lân fan ’e Temaniten as kening foar him yn ’t plak. 46Doe’t Chûsjam stoar, kaam Hadad, de soan fan Bedad, as kening foar him yn ’t plak. Hy fersloech Midjan op it fjild fan Moäb; syn stêd hiet Awwút. 47Doe’t Hadad stoar, kaam Samla út Masréka as kening foar him yn ’t plak. 48Doe’t Samla stoar, kaam Sjaûl út Rechobot oan ’e Rivier as kening foar him yn ’t plak. 49Doe’t Sjaûl stoar, kaam Baäl-Chanan, de soan fan Akbor, as kening foar him yn ’t plak. 50Doe’t Baäl-Chanan stoar, kaam Hadad as kening foar him yn ’t plak. Syn stêd hiet Paû; syn frou hiet Mehetabel, de dochter fan Matred, de dochter fan Mezahab. 51Doe’t Hadad stoar, wienen stamhaden yn Edom: Timna, Alja, Jetet, 52Oholibama, Ela, Pinon, 53Kenaz, Teman, Mibsar, 54Magdiël en Iram. Dat wienen de stamhaden fan Edom.